Bysûndere klok foar Planetarium

© Omrop Fryslân
It Planetarium yn Frjentsjer hat in bysûnder museumstik krigen. It giet om in 150 jier âld oerwurk dat makke is troch in klokmakker út Bitgum. De klok is bysûnder omdat it in replika is fan in houten eksimplaar, dat makke is troch in neef fan Eise Eisinga.
It orizjineel is ferlern gien. De replika is de iennichste manier om te sjen hoe't Eisinga's neef te wurk gie.