Al 300 oanmeldings DNA-ûndersyk

26 jul 2000 - 09:48

De aksjefierders dy't wolle dat op grutte skaal DNA-ûndersyk dien wurdt yn de saak Vaatstra, sette har inisjatyf troch. Dat is moandei besletten.

Yn koarte tiid hawwe har al mear as 300 manlju opjûn foar in frijwillich DNAûndersyk. De inisjatyfnimmers rekkenje op de meiwurking fan noch folle mear. Justysje hat oanjûn net oan in massaal DNA-ûndersyk begjinne te wollen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)