Amerikaansk bedriuw nei Snits

© Omrop Fryslân
Snits wurdt de Europeeske haadfestiging fan in Amerikaansk bedriuw dat miljeufreonlike inkt en coatings makket. It bedriuw 'Environmental Inks en Coatings' begjint nei de boufak mei de bou fan kantoaren, produksjehallen en in laboratoarium.
It oare jier moatte der 10 minsken wurkje. Doel is om dêrnei ek oare festigings yn West-Europa te begjinnen.