Bromfytsers ferwûne by oanriding
Yn Drachten binne moandei twa jonges fan 17 ferwûne rekke by in oanriding. De jonges rieden tegearre op in brommer oer de Berglaan. De bestjoerder joech op in krúspunt gjin foarrang oan in auto.
Boppedat soene de brommerriders troch it reade ljocht riden wêze en hiene se beide gjin helm op. Se binne oerbrocht nei it sikehûs. De bestjoerder fan de brommer hie drank op.