Mear berneopfang yn Ljouwert

24 jul 2000 - 15:38

Ljouwert kriget der de kommende twa jier sa'n fjouwerhûndert berneopfangplakken by. Der is op 't heden in grutte wachtlist yn 'e Fryske haadstêd.

Mei ekstra Rykssubsydzje kin de gemeente mear romte meitsje. Njonken te min opfangplakken is der ek krapte oan kwalifisearre personiel. De gemeente is bliid dat kommersjele oanbieders fan berneopfang de druk wat fuortnimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)