Kaarten Simmer-slot 'rôversguod'

© Omrop Fryslân
Hûnderten minsken hawwe sneon om 'e nocht besocht kaarten foar it Simmer 2000-slotspektakel te krijen. De 8000 sitplakken binne lykwols fersein. De De earst trage kaartferkeap begûn troch it súkses fan Simmertime te rinnen.
De Simmertime-artysten trede yn it FEC yn Ljouwert op mei it NNO en tenoar Albert Bonnema. Dat jout in kombinaasje fan popmuzyk en klassyk.