Nije skeelerbaan yn Haulerwyk

23 jul 2000 - 16:51

Haulerwyk hat sûnt freed in skeelerbaan dy't unyk is foar Nederlân. Reguliere skeelerbanen binne 400 meter lang, mar dizze is 200 meter. Spesjaal binne de saneamde 'kombochten'. Dy rinne op sadat de riders harren faasje hâlde kinne.

De Haulerwykster skeelerbaan is gaadlik foar wedstriden op Europeesk nivo. Neffens bûnscoach Jan-Eise Kromkamp is it wichtich dat dit type baan der is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)