Bining mei heitelân bliuwt grut

© Omrop Fryslân
Friezen-om-utens hâlde in grutte bining mei it heitelân. Hast 60 prosint sjocht it Frysk as earste taal. De helte fielt him noch altyd 'echt Frysk'. Dat hat de Fryske Akademy fêststeld.
Fan 'e 6500 fragelisten binne 2400 weromkommen. Undersikers Durk Gorter en Gemma Bakker dogge no in ferfolchûndersyk ûnder emigrantebern. By harren is de bining folle minder.