It Hearrenfean hat kâns op priis

22 jul 2000 - 16:46

It Hearrenfean is yn Nederlân ien fan de fiif grienste plakken mei mear as 15.000 ynwenners. De gemeente docht mei oan de jierlikse kompetysje 'Entente Florale.' De winner giet nei de Europeeske finale.

De kommisjeleden seagen freed kritysk yn It Hearrenfean om har hinne. Se ha each foar it gemeentelik grienbelied, de belutsenheid fan de bewenners en it ûnderhâld fan it grien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)