Earefoarsitter SKS stapt op

22 jul 2000 - 15:03

Earefoarsitter Alex Brinksma fan 'e Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS) stapt op. Brinksma hat 21 jier foarsitter west en 7 jier earefoarsitter.

Brinksma syn beslút folget op it beslút fan 'e kommisje Amels om op te stappen. Dy kommisje oardielde koartlyn dat 6 fan 'e 14 skûtsjes net oan de easken foldogge. De skippers ferhippe it om harren dêr wat fan oan te lûken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)