Te folle minsken by Simmertime

21 jul 2000 - 17:04

De grutte tarin fan it publyk by Simmertime hat yn Frjentsjer foar problemen soarge. De brânwacht fûn dat der fierste folle minsken yn 'e tinte wiene.

Neffens Kast-manager Klaas de Jong koe yn Frjentsjer net wat yn oare plakken wol mocht. Der gongen stuollen út en dêrom moasten woansdeitejûn mear as 100 minsken trije oeren stean. De lêste foarstelling ferrûn tongersdei goed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)