Nije stasjons foar Suderseeline

© Omrop Fryslân
Ljouwert en It Hearrenfean wolle beide in nij stasjon bouwe dat oanslút op de takomstige Suderseeline. Freed waard bekendmakke dat Ljouwert en It Fean in mienskiplike stúdzje dwaan sille nei de oansluting fan Ljouwert op dy spoarline.
De Suderseeline moat rinne fan Grins fia Drachten en It Fean rjochting Rânestêd. It stasjon yn Ljouwert komt by Werpsterhoeke en yn 't Fean by it klaverblêd.