Brêge giet út himsels omheech

20 jul 2000 - 17:05

In 65-jierrige ynwenster fan Ljouwert is woansdei mei de fyts fallen, doe't se de Noarderbrêge oerfytse woe. De brêge wie krekt wer frijjûn nei in steuringskontrole. Troch ûnbekende oersaak gie er ynienen fansels omheech.

In automobilist sette kjel de auto yn 'e achterút en botste op in oare wein. De oarsaak fan 'e steuring is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)