Betinkingspenning Simmer 2000
Der komt in spesjale sulveren betinkingspenning út fan Simmer 2000. De munt wurdt slein troch de Keninklike Nederlânske Munt.
Oan beide kanten komt de Fryske flagge te stean. Op de foarkant stiet it logo fan Simmer 2000 en op de achterkant de tekst 'Fryslân do libbest as in hert'. De munt is by de Keninklike Nederlânske munt te krijen.