Takomst Kealledykje ûnwis

© Omrop Fryslân
Swimbad it Kealledykje yn Ljouwert moat mooglik ticht. Ut ûndersyk komt nei foaren dat it swimbad yn minne steat ferkeart. Twa jier lyn lieten gevelplaten los en moast it bad in skoft ticht.
Underwilens is de gemeente dwaande plannen te ûntwikkeljen foar in sportbûlevard mei dêrby in swimbad. Yn prinsipe soe swimbad It Kealledykje oant dy tiid iepen bliuwe moatte.