DS wol mear skriftlik Frysk

© Omrop Fryslân
Deputearre Steaten wolle it skriftlik brûken fan de Fryske taal mear befoarderje. Dêrom ha se in nije oersetoardering fêststeld oangeande it skriftlik brûken fan it Nederlânsk en it Frysk.
As de Provinsjale Steaten it útstel oernimme, krijt de provinsje it foech om regels op te stellen oer it brûken fan it Frysk yn skriftlike stikken. Beide talen krije in mear lykweardige posysje.