Plysje-ynfal by ATF Drachten
Op fersyk fan justysje hat de miljeuplysje fan Fryslân en Grinslân tiisdei de ATF-festigings yn Drachten en Grins trochsocht. Justysje tinkt dat ATF sûnt 1998 ferskate oertredings begien hat yn it omgean mei gefaarlik ôffal.
Oanlieding foar it ûndersyk is de grutte brân by ATF fan freed 12 maaie. Justysje hopet dokuminten te finen dy't mooglike oertredings oantoane.