Gadingmakker foar Harnzer werf
Skipswerf Barkmeijer yn Stroobos makket gading nei de fallite Frisian Shipyard yn Harns. Barkmeijer tinkt benammen op langere termyn foardiel te hawwen fan de bûtendykse skipswerf.
Barkmeijer hat ynteresse foar de oerkape nijbouhal en it dok yn Harns. Earder al woe it bedriuw nij bouwe, mar oername is foardieliger. Skipswerf Bodewes toant ek belangstelling foar Frisian Shipyard.