Wykpanels yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Boargers moatte mear belutsen wurde by har wenwyk. Ljouwert is mei in eksperimint fan wykpanels begûn. Bewenners fan de wiken Huzum-West en de Frijheidswyk kinne sûnt moandei beslisse watfoar foarsjennings oft der komme moatte.
It wykpanel krijt jild fan de gemeente om neffens eigen ynsjoch guod foar de buert te keapjen. De gemeente lûkt der twa-en-in-heal miljoen gûne foar út.