Swimbad populêr troch minne waar
Swimbaden yn 'e provinsje hawwe te krijen mei topdrokte. It minne waar fan de ôfrûne perioade lûkt in protte besikers nei oerdutsen swimbaden.
De iepenloftswimbaden dêrfoaroer binne de dupe fan it waar. Sa komme der yn it swimbad Schatzenburg yn Menaam dizze dagen 60 besikers deis, wylst oars 1000 wetterleafhawwers yn de simmer delkomme.