Winst foar hurdfytser Hiemstra
Hurdfytser Tim Hiemstra skreau sneon de omgong fan Borger op syn namme. Yn de einsprint wie er de rapste fan in kopgroep fan trije man.
Earder dit seizoen wûn de 23-jierrige ynwenner fan de Rottefalle al twa kritearia. Ien dêrfan wie yn syn eigen doarp.