Wrâldrekord skommeljen mislearre

17 jul 2000 - 11:57

It is Robin Notebomer út Haulerwyk net slagge in nij wrâldrekord skommeljen del te setten. Nei santich oeren foel er sneon dochs yn 'e sliep. Helpers besochten de man wekker te krijen.

Se besochten him mei in paraplu te slaan, mar dat joech neat. Sels in dûs mei iiskâld wetter holp net. Takom jier wol Notebomer it op 'e nij besykje. It wrâldrekord stiet op 100 oeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)