Gjin ûntslach by Jeugdsoarch
It personiel fan de Jeugdsoarch Fryslân dat earst yn it groepswurk oerstallich wie, kin binnen de ynstelling oan it wurk bliuwe. Troch in ynterne ferskowing kinne de wurknimmers yn de thússoarch oan de slach.
De provinsje gie akkoart mei de nije plannen. Se stelle mear jild beskikber sadat der gjin minsken ûntslein hoege te wurden.