Simmer-fytstocht nei Aurich

15 jul 2000 - 19:56

Yn Starum binne freed 120 fytsers oan de 210 km lange fytstocht nei Aurich yn East-Fryslân begûn. By de histoaryske Upstalbeam is sneon in feest foar Friezen út Nederlân en Dútslân.

Op útnoeging fan 'e stêd Aurich geane sneon ek twa busfollen Simmer-2000 gasten nei it feest. Feest en fytstocht wurde organisearre troch de Fryske Rie en Ynse Bakker fan Oranjewâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)