NOM helpt spikerbroekefabryk

15 jul 2000 - 15:39

De Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij ûndersiket oft it spikerbroekefabryk BC Fashion yn de Westerein noch kâns fan oerlibjen hat. Dat binne de provinsje en de gemeente oerienkommen mei de eigner dêr't se noch jild fan krije.

Earder fan 'e wike makke de eigner bekend dat er it fabryk slute woe. Tachtich wurknimmers soenen dêrtroch har baan ferlieze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)