Foarkar eskort boppe bordeel
De fraksje fan RPF/GPV yn Dongeradiel is tsjin it bordeelbelied fan de gemeente. Dongeradiel wol maksimaal ien seksynrjochting yn de gemeente. RPF/GPV wol yn 't plak fan in bordeel ien eskortservice tastean. Sa'n bedriuw soe foar minder oerlêst soargje as in bordeel.
De gemeenten meie op dit mêd sels nij belied meitsje, om't de regearing it algemiene bordeelferbod opheft.