Tsjommer swaait mei messen
Yn Tsjom is tongersdei in 27-jierrige man út dat doarp oanholden omdat er meardere minsken bedrige hie. Hy hold ûnder oaren in auto tsjin troch midden op 'e dyk stean te gean en mei in hakmes om him hinne te slaan. De autobestjoerder is doe omkeard.
De fertochte hat ek noch oare minsken bedrige. De plysje fûn letter twa grutte messen by de man thús ûnder it bêd.