Frijspraak foar Angelique

© Omrop Fryslân
De rjochtbank hat Angelique van E. út Waskemar tongersdei frijsprutsen fan 'e moard op de 1-jierrige Risanne Tingen út Appelskea. De rjochtbank fûn de tsjûge dy't Angelique sjoen hie op it plak fan it misdriuw minder betrouber.
De offisier fan justysje easke twa wike lyn 18 jier seltraf tsjin Angelique van E. It Iepenbier Ministearje giet yn heger berop.