30.000ste besiker foar De Fûke

14 jul 2000 - 10:44

De Fryske spylfilm De Fûke hat oer omtinken net te kleien. Ein oare wike wurdt de 30.000ste besiker ferwachte. Hy of sy wurdt troch de haadpersoan fan 'e film persoanlik yn it sintsje set.

Yn 'e moannen augustus en septimber draait De Fûke noch yn 'e Fryske bioskopen. Dêrnei giet er de doarpshuzen bydel. De film is basearre op in boek fan Rink van der Velde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)