Arriva rekket ferfier kwyt

© Omrop Fryslân
Ferfiersbedriuw Arriva rekket it ferfier fan learlingen nei skoallen foar spesjaal ûnderwiis yn Ljouwert kwyt. It ferfier komt no yn hannen fan Connexxion. By de iepenbiere ynskriuwing kaam it bedriuw as bêste út de bus.
It is foar it earst dat Connexxion yn Fryslân in poat oan 'e grûn krijt. Arriva hopet mei de fakbûnen in oplossing foar de sjauffeurs te finen.