Gouden spjelde foar Ljouwerters

13 jul 2000 - 09:32

Ynwenners fan Ljouwert komme tenei earder yn 'e beneaming foar in ûnderskieding. De gemeente hat besletten dat der in gouden spjeldsje as wurdearring komt. In pear kear yn 't jier moat it spjeldsje útrikt wurde oan boargers.

Oant no ta hat de haadstêd as dekoraasjetekens: it eareboargerskip, de penning fan fertsjinste en de sportpenning. Dy wurde net faak útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)