Drokte by rotonde De Jouwer

12 jul 2000 - 12:11

De tanimmende ferkearsdrokte op de rotonde by De Jouwer yn de A7 kin neidielich wêze foar bedriuwen dy't har yn de A7-sône fêstigje wolle. Dat tinkt de VVD-fraksje.

De partij wol dat de provinsje wat oan it probleem docht. Rykswettersteat dielt de soargen oer de drokte. Op koarte termyn wurdt de sitewaasje besjoen. Mooglik begjint de ferbettering takom jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)