Twangferpleging foar deastekken

© Omrop Fryslân
Fjouwer jier tbs mei twangferpleging easke it Iepenbier Ministearje yn it heger berop tsjin de Ljouwerter frou (22) dy't foarich jier har pleechmem út Beetstersweach deastuts.
It Pieter Baansintrum fûn de frou sterk fermindere tarekkenber en net geskikt foar detinsje. Earder wie inkeld tbs easke. De útspraak fan it heger berop is oer twa wiken.