Sluting fan spikerbroekefabryk

12 jul 2000 - 09:51

It spikerbroekefabryk yn 'e Westerein BC fashion moat ticht. Tachtich wurknimmers krije ûntslach. De direkteur besleat ta sluten fanwegen de opstelling fan 'e provinsje en gemeente Dantumadiel.

Beide oerheden lienden jild oan it bedriuw dat werom betelle wurde moast by winst. Om't it fabryk gjin winst makke, hoecht it jild net werom neffens de direkteur. De oerheden wolle al jild sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)