Drokte by Ryksargyf

© Omrop Fryslân
It Ryksargyf hat it drok mei Friezenom-utens dy't op syk binne nei harren foarâlden. Alle dagen komme mear as tritich emigranten nei de Grienewei yn Ljouwert. De measten fan harren moatte holpen wurde by it sykjen.
Tidens de Simmer 2000-perioade hat it Ryksargyf in kreamke yn stedsskouboarch De Harmonie. Benammen de histoaryske Slachtekaart wurdt goed ferkocht.