Boer útkocht foar 4 miljoen

11 jul 2000 - 19:00

De gemeente Boalsert lûkt in lyts 4 miljoen gûne út om boer Hoekstra út te keapjen. Hy wegeret romte te meitsjen foar de nije wenwyk Fûgelkrite. Der is trije jier oer de saak prosedearre.

De gemeenterie gie yn mearderheid akkoart mei it útstel fan B en W. Inkeld VVD en Grien Links wiene tsjin. De VVD easket in ûndersyk nei de rol fan 'e advokaat en de makelder fan 'e gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)