Stedsomropper foar Starum
Starum hat wer in stedsomropper. Simon Vuijk ropt meikoarten alle aktiviteiten dy't foar ynwenners en toeristen organisearre wurde.
Vuijk wurke al as gids by de kuiers troch it stedsje. Hij krijt in stedsomropperskostúm fan de gemeente Nijefurd. It ûntwerp fan it pak is basearre op in sechtjinde ieusk kapteinsunifoarm.