Earste Simmer-oarkonde útrikt
Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels hat moandei de earste Simmer 2000oarkonde útrikt oan Ype de Bruin út Melbourne.
Alle Friezen-om-utens, dus ek Friezen dy't bûten de provinsje yn Nederlân wenje, kinne sa'n oarkonde krije as bewiis dat se mei Simmer-2000 yn Fryslân west ha. Der binne al in 2500 Simmer -oarkondes oanfrege.