Swimbad wol yn Guinessbook

11 jul 2000 - 13:27

Swimbad Wetterflecke yn Surhústerfean besiket yn it Guiness Book of Records te kommen troch tûzen swimmers starte te litten op ien dei. De swimmers lizze nije wike tiisdei allegear 25 meter ôf. Guon gemeenteriedsleden en inkelde skoallen út 'e omjouwing dogge ek mei.

Earder dit jier slagge it swimbad De Plantage fan Hoogerheide om 887 minsken starte te litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)