Van der Mei wint CH Burgum

© Omrop Fryslân
It Concours Hippique fan Burgum makke dit wykein nei 15 jier in nije start oan de Menno van Coohoornwei. Nathalie van der Mei fan Makkingea wie de bêste by it ZZ-springen.
Van der Mei seit sels mei twa hynders yn 'e finale. Mei de merje Lindsey waard se earste, mei de hynst King waard se tredde. Troch it wiete waar luts it concours minder folk as oars.