Gjin praktyk foar waarnimmers
B en W fan Skiermûntseach ha in tydlike lokaasje oanwiisd foar de húsdokterspraktyk. De eardere praktykromte is net mear beskikber om't dy oan partikulieren ferkocht wurdt.
De trije húsdokters dy't op it eilân waarnimme, komme yn konteners. Foar de lokaasje moat it kolleezje it bestimmingsplan wizigje. Yn 'e riedskommisje komt dat meikoarten te praat.