Organisaasje Slachte tefreden
De organisaasje fan de Slachtemaraton dy't sneon hâlden waard, is tefreden. By de hurddravers wienen tsien útfallers. Sa'n 120 kuierders binne net yn Raerd oankaam, sa wurdt rûsd.
De EHBO-posten behannelen in pear minsken dy't flau fallen wienen. Se hienen te min dronken en iten. Fjouwer persoanen moasten foar in koarte behanneling nei it sikehûs.