Izeren Ljip net op 'e tiid klear

09 jul 2000 - 19:48

De grutte izeren Ljip dy't as oantinken oan Simmer 2000 makke wurdt, is net op 'e tiid klear. It ûntwerp fan keunstner Lolke van der Bij kostet 70.000 gûne en dat jild is der noch net allegear.

It Komitee wijt dat oan de protte oanfragen foar Simmer 2000 dy't bedriuwen krije. Replika's fan it byld moatte ek jild opbringe. De Ljip komt oan de N32 by Akkrum te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)