Boonstradagen yn Aldeboarn
Fryslân komt fan't simmer sawat om yn de reüny's. Aldeboarn hat in aparten ien. Dêr sammelen freed 250 Boonstra's, foar har byienkomst op sneon.
Ut de hiele wrâld wei komme de Boonstra's werom yn it doarp dêr't har namme weikomt. De 'namme-reüny' lûkt ek omtinken fan de lanlike parse. De NOS, NCRV en SBS6 binne oanwêzich.