Akwadukt fan Grou lekt

08 jul 2000 - 14:35

It akwadukt fan Grou is lek. De feroarsakers binne gatten foar de ôffier fan moerasgassen. De luchtbuollen ûnder it akwadukt moatte ien of twa kear yn it jier fuorthelle wurde.

De ûntluchtingsgatten binne ferline wike makke. Rykswettersteat stoppet de gatten no ticht mei in spesjaal soart gel. Salang't it wurk duorret kin it ferkear fan mar ien rydbaan gebrûk meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)