Oanfal op Wiuwerter mummys

07 jul 2000 - 17:37

De reuny yn Wiuwert driget fersteurd te wurden. In man wol de ferneamde mummys fergean litte mei in anty-ierdstrielkistje. Doarpsbelang en de tsjerkeried binne per brief op 'e hichte steld.

Begjin sechstiger jierren hat in oare man itselde ek alris besocht, doe om 'e nocht. De Wiuwerters sille der alles oan dwaan om it eksperimint op te kearen. De reuny is oare wike sneon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)