Lekkum benaud foar Bullepolder

06 jul 2000 - 11:40

Doarpsbelang Lekkum wol de bou yn de Bullepolder tsjinhâlde. It doarp hoecht net benaud te wêzen opslokt te wurden. Yn de plannen dy't tiisdei yn de riedsadvyskommisje stedsûntwikkeling presintearre waarden, stiet dat har kant út net boud wurdt.

Yn de sketsen steane 400 wenten. Guon kavels kostje mear as in miljoen gûne. De kommisje wie posityf oer de plannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)