Jild foar jonge ûndernimmers
Twa jonge Fryske ûndernimmers yn de blombollen kinne meikoarten oan it wurk yn Easternijtsjerk. Doarp en Bedriuw Fryslân set twa gebouwen del. De kosten binne hast oardel miljoen gûne.
De gemeente Dongeradiel en de provinsje stypje it idee yn 'e mande mei in bank en it opliedingssintrum AOC. De ûndernimmers folgen in oplieding yn Grins.