Waad 'nasjonale wyldernis'

© Omrop Fryslân
De Socialistische Partij is moandei yn 'e haven fan Harns mei in aksje út ein set. De partij wol dat it Ryk fan 'e Waadeilannen in 'nasjonale wyldernis' makket. Ekonomyske aktiviteiten hawwe dêr gjin plak yn.
De aksjefierders farre in wike lang mei in histoaryske tsjalk de Waadeilannen del. De Waadferiening, Miljeudefinsje en Greenpeace stypje de aksje fan 'e SP.