Freek de Jonge hâldt wurd

04 jul 2000 - 11:33

Freek de Jonge hat wurd hâlden op 'e reuny yn It Heidenskip. Snein kaam er werom mei syn mem. De kabaretier wie der freed ek al om it liet Vaders Stem te sjongen. De Jonge syn heit hat oant 1951 dûmny west yn 'e omkriten.

De hagepreek yn Wytmarsum hat snein in bulte harkers lutsen. Hast 390 minsken kamen gear by it Minne Simens-monumint, in eintsje bûten it doarp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)